Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist
Gek op keningshuzen bin ik net. Sa’n baantsje dat jo erve, ’t is in nuvere konstruksje. Der is lykwols ien Majesteit dy’t ik heech achtsje en dy’t myn uterste soarch krijt: de moer, de keninginne fan myn bijefolken. Oars as by de minsken bepaalt dy keninginne, mei de genen fan de darren (de mantsjebijen), it karakter fan har folk, de wurkbijen.
Al sa’n 45 jier imkerje ik mei de Carnica of Krainer bij, in huningbij út Slovenië dy’t foaral bekend stiet om ien belangryk ras-kenmerk: hy is o sa rêstich. It is dus belangryk dat de moer rassuver bliuwt. En dat slagget thús net omdat dêr allerhanne darren fan oare ‘merken’ omfleane kinne. Dus moat ik om de safolle jier soargje foar farsk mar benammen suver bloed. Dat helje ik net út Argentinië of Dútslân mar út Slovenië. De Carnica keninginnen út ’e omkriten fan Ljubljana meitsje hiel wat kilometers. Alle kearen as ik dat bysûndere reisferhaal fertel, sjogge de taharkers my oan of soe ik mar wat fantasearje. Mar it is stjerrende wier. De keninginne mei it griene stikkerke op har boarststik en dêrop it nûmer 36, dy’t no yn ’e Fryske Wâlden foar neiteam soarget, is om de pinksterdagen hinne Europa oerstutsen.
Hoe’t soks giet? Ik bestel by de koördinearjend imker yn Grins twa moeren foar fjirtich euro it stik. Hy krijt alle carnicabestellings fan Nederlân binnen, fan ‘t jier sa’n santich. Dit mailt er nei de jonge beropsimker Lallislav, dy’t yn Noard-Slovenië heech yn de Súdlike Alpen – op sa’n 1700 meter hichte – mar leafst 1500 bijefolken stean hat. Lallislav soarget by’t maitiid dat der flink wat jonge keninginnen binne, dy’t dêr, heech boppe de bosken, dalen en bergen, befruchte binne troch rassuvere Carnica darren. Hy ferpakt de jonge moerkes ien foar ien yn in hurdplestik koaike fan 7x4x1 sentimeter. As hofdames reizgje in stik of seis wurkbijen mei. Sy fersoargje Hare Majesteit ûnderweis. It royal dinner is in lytse foarried sûkerdeech, in miks fan poeiersûker en huning. Alle santich koaikes geane yn in stevige doaze mei dêrop de tekst ‘Living animals!’ Dan bringt ús Sloveense leveransier oer smelle, bochtsjende berchwegen de doaze nei it postkantoar fan Ljubljana. As de bijkes gelok ha, sitte se deselde nachts noch yn it fleantúch nei Amsterdam. Ferfolgens fia it distribúsjesintrum mei ’t gewoane pakjestransport nei Grins. Dêr geane sa gau mooglik santich bubbeltsje-enveloppen de doar út. Ien of twa dagen dagen letter goait PostNL sa’n envelop mei it opskrift ‘Levende dieren!’ yn ús griene bus; in spannend momint. Ha de royals it oerlibbe?
‘Wolkom Majesteit! Ha jo in goeie reis hân?’ ‘No, dat koe better, Kootstra. Dy post yn Nederlân… Yn totaal tsien dagen ûnderweis west. Dikke stress! Mar fierder wol aardich, hear. Ha jo myn paleis op oarder? Ik barst fan de aaikes.’
Myn keninklik hof is no op winterreses, mar ik ha hege ferwachtings fan de maitiid.
(Gepubliceerd in het winternummer van It Fryske Gea-magazine (2019)