Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist
Yn ’e sechstiger en begjin santiger jierren fan de twintichste ieu gie men yn linkse rûnten net op fakânsje nei lannen mei in fout rezjym. Heech op ’e swarte list stienen Spanje (Franco),Portugal (Salazar) en Grikelân (de kolonels). It soe dêr mei de steatsfoarm gelokkich al gau goed komme, mar benammen bûten Europa wol it mei de demokratisearring mar net aveseare. It blykt in produkt te wêzen dat net te eksportearjen falt. Yn resintere desennia wienen prinsipes oer ûnderdrukte folken folle minder yn ’e moade. Ik ha my fan de aard fan in rezjym noait net folle oanlutsen. De reizen troch Kuba, Vietnam, Roemenië, de DDR en Ruslân hie ’k net graach misse wold. In besite oan in diktatoriaal bestjoerd hoekje woestijn yn it Midden-Easten kin der dan safolle jierren letter ek noch wol by. Myn foute bestimming wie diskear in sânbak boppe op in plasse oaly, opsierd mei de namme United Arab Emirates, mei it futuristise Dubai as hannels- en bestjoerssintrum. Wêrom dêr hinne? Ut nijsgjirrigens. De neiteam fan in hantsjefol earme pearelfi skers en bedoeïnen út ’e sechstiger jierren libbet no, sûnder sels amper in finger út te stekken, ûnder de strakke lieding fan in sheike-famylje tusken himelhege glimgebouwen en goudkleurige metrostasjons mids in spaghetti oan fjouwerbaans fly-overs, dy’t úteinlik allegear útkomme yn de ûnmjitlike Arabic Desert. Sân en sinne, altyd en oeral. De wurden miljeusoarch en alternatyf enerzjybelied falle selden; nergens in sinnepaniel te sjen. Want oaly by de rûs ommers. Noch wol. Foar in folle tank bensine betelje ik noch gjin santjin euro. En by it tankstasjon, de winkel, it hotel en op alle oare plakken dêr’t jo wachtsje moatte, draait it motorke fan it nijste model Ferrari (ljochtblau, pears en giel), Mercedes, BMW, Bentley, Rolls, Porsche, Hummer of Range Rover altyd troch. Sûnder airco gjin libben.
Jo kinne dêr jo kritise gedachten by ha, mar it is in aparte ûnderfining as ik in pear oeren lang oer hast lege fjouwerbaans wegen troch enoarme flaktes ryd fol sinderjende, donkerreade en giele sândunen mei klassike kamiele-silhûetten en oaly-ynstallaasjes op de hoarizon. En de natuer, hoe sit it dêr mei? Tsja. Ik sjoch in steppenkievip (sânljip?) op it bewettere gersfjildsje foar it museum krekt bûten it woestijnstedsje Al Ain. En bûnte foliêrefûgeltsjes yn de palmbeammen binnen de restaurearre muorren fan de noflik beskade oase. Neffens myn deskundige fûgelfreonen soe ik yn ditsoarte sânlannen foar bysûndere waarnimmings benammen op stoartplakken fan ôffal wêze moatte. Dy ha ik net sjoen, mar ik hie dêr dochs net komme mocht, want sa binne se yn de United Arab Emirates: freonlike en gastfrije minsken mei dúdlike grinzen foar eigen en oar folk.
(Gepubliceerd in het nummer van It Fryske Gea-magazine (2015)