Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist

Simmerguoskes

De skiere guozzepleach is in grut probleem yn de boerenatuer. Foar alle dúdlikens: de minske is noch altyd de aldergrutste en meast konstante pleach en ek dy lit him frekte min bestride. Lykas meastal is it ek yn it guozzegefal de minske syn eigen skuld. It begûn as in mearke. Begjin jierren sechstich setten biologen trije kweekte en trije wylde spantsjes fan de Anser anser út. Dat prachtige skiere guoske soe ommers sa moai passe yn de Fryske biotoop. En gelyk krigen se. Wat fielde dy ‘grauwe gans’ him thús yn de hieltyd oanwaaksjende, aaiwytrike gersbiotopen fan de grutskalige lânbou en yn al dy sa deskundich oanleine nije natuer.

Dêr moast ik oan tinke doe’t ik by it skiftsjen fan myn argyf in mei de hân skreaun briefke fûn fan Gerrit Bosch, datearre 10 july 1973. ‘Fûgeltsje Bosch’ (1893-1981) wie yn de foarige iuw in begryp en dé kenner fan alles wat in snavel hie; hy hat sawat in libben lang waarnimmings sammele. Sa moat ik him melden ha – ik wist der neat mear fan – dat ik yn ’e simmer fan ’73 guozzen sjoen hie. No hiel gewoan, mar doe kloppe alles noch: guozzen wiene hjir allinne winterdeis. Op dit stuit stappe der yn Fryslân it hiele jier troch sa’n 50.000 skiere guozzen om. Bosch syn antwurd jout in oersjoch fan de stân fan saken doe en hy meldt ek wat de ‘bedoeling’ is: Guozzen yn ’e simmer! Elts jier binne der in tritich yn Gaasterlân, de ‘grauwe gans’. De winterguozzen: kolgans, rietgans, kleine rietgans en de brandgans binne al lang fuort. Yn Nijetrijne by Wolvegea briede elts jier wat pearkes en it is de bedoeling dat de jongen ferwylderje en sels briede yn ús lân. Mar oft der plakken binne yn ús lân dêr’t se briede, yn it frije fjild, ik leau net dat it al sa fier is. Yn ’e oarloch hawwe se noch bret yn de N.O. polder, de aaien haw ik sjoen yn ’e wyldernis doe noch.Under Urk. Ik haw al earder in meidieling hân oer guozzen yn ’e simmer en yn Gaasterlân haw ik in keppel sjoen fan sa’n 20. Ik notearje jo waarnimming fansels wol.

As Bosch anno 2015 oer de râne fan syn wolk kypje koe, soe er nuvere raar opsjen fan it duvelse pact tusken boeren, natuersbeskermers, jagers en oerheid yn ’e oarloch tsjin de massale legers fan de Skieren. Ik soe him taroppe dat dy lang lyn sa wolkomme fûgels no in ‘landelijk maatschappelijk probleem’ foarmje, mar dat de yntinsive lânbou ûnbegrypliker wize noch altyd nét as in maatskiplik probleem sjoen wurdt. Dy bout nije stâlen as katedralen yn ’e jacht op de Sinese tsiiskonsumint. Sadwaande, achte himelse Bosch, is der úteinlik gjin inkeld plak mear yn ’e greiden foar watfoar fûgel dan ek. Hy skodhollet en ik sjoch noch krekt dat er in oantekening makket.

(Gepubliceerd in het nummer van It Fryske Gea-magazine (2015)