Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist
Dêr wie it lêstendeis by ús op de solderkeamer ynienen code rood. Ja, it smiten mei kleurekoades is trendy, mar dizze reade kaart wie needsaaklik, want: lekkaazje! Myn frou en ik bleaunen kalm en setten nei de wettersteatlike earste-help yngrepen ús mindset daliks op circulair tinken. Dy mindset hie folle earder aktivearre wurde moatten want doe bruts ik my op dy rommelige, smoarfolle solderkeamer ek al de bonken oer de doazen, tassen, boeken en oare omswevende produkten. Guod dêr’t jo lange jierren net mear nei omsjoen ha en dat dus mist wurde kin. Hjir lei in unike kâns om de oan populariteit winnende begripen ontzamelen en circulair tinken te praktisearjen. Dus. Net te lang der mei ompakke, hup, yn de bananedoaze. Trije kear ha ik mei in folle auto nei de handich tichtbije kringloopwinkel west. Asjeblyft! Allegear kreas spul, ree foar in twadde of tredde libben. Dizze sirkulêre hannelingen joegen in allemachtich befredigjend gefoel; wy hienen it goeie doel stipe en de opromme solderkeamer ta in lust foar it each makke.
Dat sirkulêr tinken is hjir ten huize al in bytsje ynboargere. De stuollen ha nije bizen sittings krigen en de bank in farske beklaaiïng. As myn frou konstatearret dat ik in bloeske oan ha ‘dat net mear kin’, dan rop ik steefêst: ‘Handich foar om ’e doar.’ Gefolch is dat de foarried om ’e doar (en poetsdoeken) te grut wurdt, mar ek dat kin sirkulêr oplost wurde. Ik fûn op ynternet – wer oars – ynformaasje oer in naaiatelier, dêr’t froulju wurkje ‘met afstand tot de arbeidsmarkt’. Sy meitsje fan myn ôfkarde bloeskes nije boxershorts. Net dat ik dy oait draach, mar sa’n ûndernimmen is seker in sterke bijdrage oan de sirkelekonomy.
Sirkulêr tinke is simpel. Is dat sa? Us altyd sa spetterjend provinsjebestjoer stelt yn in notysje fêst ‘dat een groot deel van de bedrijven en burgers in Fryslân de urgentie mist om over te stappen naar een circulaire economie’. Urgentie? Mear lekkerij, dan giet it fansels. De provinsje stelt fêst dat de konsumint oars tinke moat. Hy moat folle minder rjochte wêze op it ‘eenmalig gebruiken van producten.’ De latte yn ús gewest komt heech te lizzen. De provinsjale polityk wol yn 2025 yn de Europese Unie yn de top-trije stean fan de ‘meest gunstige ontwikkelregio voor circulaire economie’. Allinne dan sil it slagje – en hjir komt it eko-euro-aapke út de mouwe – om genôch Europese subsydzjes binne te slepen. Hoe dit stribjen sirkulêre hannen en fuotten te jaan? Dêr ha se yn Ljouwert noch gjin idee fan. Ik wol. Jou de Friezen, en begjin dêr daliks mei, praktise, dúdlike tips en foarbylden. Om draachflak te finen sille de plannemakkers harren op sirkulêre wize yn de mienskip bejaan moatte. De Kulturele Haadstêd is in perfekte oefening. Organisearje rûnom happenings sadat de minsken ek ris sjogge wat dat meast folslein ûnstichtbere bestjoersapparaat beavesearret. En lit dy skiere, ûnlêsbere provinsjale foarljochtingsside yn de deiblêden dan mar sitte. Aksje!
(Gepubliceerd in het voorjaarsnummer van It Fryske Gea-magazine (2018)