Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist

Nij: FISK

Nij fan Tjibbe en Douwe: F I S K

De Bokking better besjoen, in reuzesnoek út ‘e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan de dôber, in sikeseal fol soere hearrings. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn FISK oan ‘e oarder komme. Alles yn FISK hat op ien of oare manier te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.

Nei harren earste projekt STABIJ, in boek oer in hûn (twa Fryske drukken en in Nederlânse fertaling), is FISK it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn de ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket FISK ta in hearlik lês- en sjochboek.

FISK is fan 6 febrewaris ôf te krijen yn de boekhannels.